Gerda Veenje bedankt as preekfoarsjenner.

Gerda Veenje-Samplonius is út namme fan ús gemeente en tsjerkeried bedankt en yn it sintsje set fanwege har jierrenlange, trouwe tsjinst as preekfoarsjenner. Mear as 10 jier hat sy dit eltse wike foar PKN Garyp dien. Troch dit belangrike wurk wat foaral “achter de coulissen” dien wurdt, soarge sy der foar dat der eltse snein in dûmny yn ús tsjerke kaam te preekjen. We binne tankber en bliid dat Liesbeth en Dirk-Jan van der Meulen dizze taak oernimme wolle.